Snitser skoalle ticht om asbest

07 des 2006 - 16:54

Om't der asbest fûn is yn de Bonifatiusskoalle yn Snits moatte alle 300 learlingen takom jier nei de leechsteande Keningin Emmaskoalle. It asbest kin allinnich goed fuorthelle wurde as de skoalle leech is. It asbest is fûn by in ynspeksje foar de ferbou fan de 100 jier âlde skoalle.

Alders fan learlingen binne net bliid mei de ferhuzing. De rûte nei de Emmaskoalle is dwers troch de drokke binnenstêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)