Mear aksje tsjin fiskstreuperij

© Omrop Fryslân
De Twadde Keamer wol dat demisjonêr minister Veerman fan natuer mear jild jout foar de bestriding fan de fiskstreuperij op de Iselmar.
De minister lit de ynspeksjetsjinsten sûnt begjin dit jier ekstra kontroles útfiere. De keamer fynt dit net genôch. De beropsfiskerij op de Iselmar moat al ynkrimpe, om't der minder fisk yn de mar sit. Troch de streuperij bliuwt der foar de fiskers noch minder fisk oer.