Skier krijt jild foar tsjerkhôf

© Omrop Fryslân
De gemeente Skiermûntseach kin rekkenje op in bydrage fan goed 8000 euro fan de provinsje foar it opknappen fan it tsjerkhôf yn it doarp. It jild is ek foar in ûndersyk nei de belangrykste âlde stiennen op it hôf.
De opknapbeurt begjint takom jier en kostet meiïnoar 40.000 euro. De gemeente hie al rekkene op de provinsjale bydrage. Dy komt út de pot foar plattelânsprojekten.