Pronkriden no ek op klapredens

07 des 2006 - 14:33

Pronkriders kinne fan no ôf ek klapredens ûnderbine. De redens binne spesjaal foar it pronkriden makke troch in Sweedske fabrikant, yn opdracht fan de KNSB. Die wol fan it âldsinniche karakter fan de sport ôf.

De sport, net te betiizjen mei it keunstriden, bestiet al sûnt 1875. Mar noch nea wie it mooglik de sport út te oefenjen mei klapredens. Op 16 desimber kinne leafhawwers de redens sels besykje yn iistadion Thialf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)