Opknapbeurt grêf Van Coehoorn

It praalgrêf fan Menno van Coehoorn yn Wyckel krijt in grutte opknapbeurt. It grêf fan ien fan de wichtigste festingbouwers út de Nederlânske skiednis falt hast út inoar en moat dêrom restaureard wurde.
It wurk wurdt dien troch eksperts dy't ek wurke ha oan it praalgrêf fan Willem van Oranje yn de Grutte tsjerke fan Delft. De wurksemheden moatte july takom jier dien wêze.