Protest reedrydfans tsjin KNSB

© Omrop Fryslân
Lulke reedrydfans binne in website begûn as protest tsjin it lytse tal kaarten dat ferkocht wurdt foar it WK allroud yn febrewaris op Thialf. Per wedstryddei binne mar 750 kaarten fan de mear as 10.000 kaarten beskikber foar de fans, de rest wurdt op oare manieren ferdield. Dy kaarten geane ûnder oare oan de sponsors.
De lulke fans fine dat der folle mear kaarten fia de frije ferkeap ferhannele wurde moatte.