Ferbod groepen Camminghaburen

21 mrt 2012 - 15:23

Yn de wyk Camminghaburen yn Ljouwert is de oerlêst fan jongeren sa grut dat de gemeente in 'samenscholingsverbod' ynstelt. Dat betsjut dat der net mear as fjouwer jongeren byelkoar stean meie, as se bygelyks drinke op strjitte of oerlêst feroarsaakje foar de buert. Neffens de gemeente is de oerlêst it lêste jier hieltyd slimmer wurden. Der komme in protte klachten fan de plysje, de strjitcoaches en de bewenners. De gemeente hat in plan makke om de oerlêst tsjin te gean. It ferbod giet tongersdei yn en duorret oantemei 21 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)