Van Gulick werom nei Lauswolt

© Omrop Fryslân
Ald sjef-kok Marc Van Gulick komt werom nei Lauswolt yn Beatstersweach, mar no as direkteur. Van Gulick gie begjin dit jier fuort by Lauswolt om direkteur te wurden fan in restorant yn Bosch en Duin. Hy wurke dêrfoar hast 7 jier yn Beatstersweach. 6 jier dêrfan krige it restorant ûnder syn lieding in Michelinstjer.
Dit jier, sûnder Van Gulick, rekke Lauswolt syn stjer kwyt. Ien fan de earste doelen is om dy werom te krijen.