Baas 'van de pot gerukt'

06 des 2006 - 17:17

Deputearre Baas bluft en is 'van de pot gerukt'. Dat seit Piet van der Wal fan Pal GrienLinks yn de Ljouwerter ried. Oanlieding foar it skeel is de nijbou fan it provinsjehûs. Baas drige mei ferhuzing fan it provinsjehûs út Ljouwert wei, om't riedsleden de proseduere fan de nijbou fertraagje.

De gemeenteried fersmyt dy krityk. de rie docht krekt alle war om gau besluten te nimmen. De provinsje hat de fertraging oan harsels te witen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)