Kofferdief oppakt yn Drachten
De plysje hat yn in hotel yn Drachten in Dútser oanhâlden op fertinking fan it stellen fan koffers. De man (41) komt fan Hamburg. Hy hie de koffers meinommen út de lobby fan it hotel wei nei syn keamer.
De plysje waard op de hichte steld fan de stellerij. De man is oanhâlden yn syn hotelkeamer. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo foar neier ûndersyk.