Nij: kadobon foar ferkearsboete

06 des 2006 - 14:22

De plysje en Justisjeel Ynkassoburo CJIB yn Ljouwert binne net bliid mei it inisjatyf fan it bedriuw 'Net te snel'. Trije Ljouwerter ûndernimmers ferkeapje fia ynternet bonnen foar it beteljen fan in snelheidsoertreding.

Wa't in boete krijt kin dy mei de kadobon trochstjoere nei it bedriuw. Net te snel betellet dan. De plysje en it CJIB kinne hjir neat tsjin dwaan, want minsken binne net ferplichte om in boete sels te beteljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)