'Tefolle nije bedriuweterreinen'

Fryske gemeenten lizze fierstente folle bedriuweterreinen oan. Hjirtroch wurdt in folle grutter beslach op de griene romte lein as nedich. Boppedat fertutearzje besteande terreinen. Neffens de Fryske Miljeufederaasje wurdt op dit stuit trije oant fjouwer kear safolle terrein oanlein as dat der fraach nei is.
De Fryske Miljeufederaasje fynt dat de provinsje yngripe moat troch in boustop ôf te kundigjen.