Sulejmani komt, Kissi giet

De Serviër Miralem Sulejmani hat by de Sportklub Hearrenfean in kontrakt tekene foar trije en in heal jier. De krekt 18-jierrige spiler fan Partizan Belgrado stie ek yn de belangstelling fan AZ. Sulejmani kin op ferskate posysjes yn de oanfal spylje.
Abdelkrim Kissi hat gjin kontrakt mear mei de Sportklub. Omdat in basisplak der foar him op koarte termyn net ynsit, is yn ûnderling oerlis de oerienkomst ûntbûn.