Frijwilligers lilk oer drankjes

06 des 2006 - 12:49

It brun kafee fan soarchsintrum De Spiker yn Harns moat op syk nei nije frijwilligers. De fjirtjin âlde frijwilligers binne dermei ophâlden, nei in konflikt oer drankjes.

Jierrenlang hoegden se freedtemiddeis net te beteljen foar iten en drinken yn it kafee yn it soarchsintrum. De direksje fynt dat de kosten te heech wurde en se moatte no wol betelje. De frijwilligers wegerje dêr no noch fierder te wurkjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)