Súdlannen betelje mei Nuon-jild

06 des 2006 - 11:18

De ûntwikkeling fan de nije wyk Súdlannen by Ljouwert moat ûnder mear betelle mei Nuon-jild. Dat fine de gemeentebestjoeren fan Ljouwert, Menameradiel en Littenseradiel. Se hawwe in minskiplike brief mei dat fersyk oan de provinsje stjoerd.

Yn de nije wyk komme 6500 wenten, kantoaren en bedriuwen. Yn it gebiet sil in protte omtinken jûn wurde oan tema's lykas duorsumens, wetter en enerzjy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)