Stroobossertrekwei yn 2008 ticht

© Omrop Fryslân
De Stroobossertrekwei wurdt yn 2008 ôfsletten foar autoferkear. De maatregel is ûnderdiel om it folsleine ferkear yn Noardeast-Fryslân feiliger te meitsjen.
Sike-auto's meie der wol del, omdat de wei in belangryke trochgongsdyk nei it UMCG yn Grins is. De ambûlanses krije apparatuer om de beweechbere pealtsjes yn de wei te betsjinjen. De provinsje jout dêrfoar 25.000 euro oan de Regionale Ambulancevoorziening Fryslân.