Fêstbyn-aksje tsjin kappen beam

© Omrop Fryslân
In ynwenster fan de Steynstrjitte yn Ljouwert hat har woansdeitemoarn fêstbûn oan in beam. Dat die se om derfoar te soargjen dat de beam net omseage waard. De plysje hat har nei in heal oere losknipt har en har man s meinaam nei it buro. De beam is dêrnei dochs noch omseage.
Dijkstra Assurantiën is eigner fan 'e beam. De beam moast fuort omdat er skuorren yn it bedriuwsgebou feroarsaket.