Ferkearshinder yn Drachten

© Omrop Fryslân
It ferkear yn Drachten kin fan kommende moandei ôf in wike lang net mear oer de splitsing fan de Overstesingel mei de Kuinder. Dat hat gefolgen foar bewenners dy't oer de Suderhegewei de oprit nei de A7 op wolle. De ôfsluting is nedich omdat stiennen yn in koartlyn oanlein plato loslizze en dat kin gefaarlik wêze.
Oft de oannimmer oansprutsen wurde sil op de ekstra kosten is net bekend.