Gjin hûs by generaal pardon?

© Omrop Fryslân
It finen fan wenromte foar hûnderten asylsikers yn Fryslân sil in probleem wurde as der in 'generaal pardon' komt. Mar de Fryske korporaasjes sille dêr wol har bêst foar dwaan. Dat meldt foarsitter Cees Oprins fan Aedes, de koepel fan wenningbouferienings yn Fryslân.
De Twadde Keamer stimde ferline wike foar in 'generaal pardon' foar flechtlingen dy't foar 2001 al yn ús lân wiene. It kabinet is noch tsjin.