Ferwert yn Dickens-sfearen

© Omrop Fryslân
Ferwert wurdt fan tiisdei ôf omtovere yn de styl fan Charles Dickens. It doarp sil in Ingelske winter- en krystsfear krije mei help fan de buertferienings en de middenstân.
Oant en mei de Krystdagen wurde der ek aktiviteiten organisearre dy't te krijen ha mei Dickens syn ferhalen. Sa kinne je figueren as Oliver Twist en Scrooge tsjin it liif rinne. Op 15 desimber is der yn de sporthal in grut Dickensspektakel.