Thialf ferkeapet tefolle kaarten

05 des 2006 - 16:53

By de kaartferkeap foar it WK Allround yn Thialf takom jier, binne de nedige swierrichheden ûntstien. De kaarten kinne op de webside fan Thialf besteld wurde.

Wylst de kaarten útferkocht rekken, gie it systeem troch mei it ferjaan fan kaarten. Dêrtroch binne hûnderten kaarten ferjûn, dy't der eins hielendal net binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)