Gurdelkontrôle smyt 91 bonnen op

05 des 2006 - 11:08

By kontrôles op autogurdels yn de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân hat de plysje yn oktober en novimber 91 minsken bekeurd. Der waard kontrolearre by 30 basisskoallen yn de beide gemeenten.

De bekeuringen binne útdield foar it ferfieren fan bern dy't sûnder sittingferheger yn de gurdel sieten of hielendal gjin gurdel droegen. Der wiene sels bern dy't neist de âlders stiene en it dashboard fêst hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)