Ungemak jonge skuld fan skoalle

04 des 2006 - 22:39

De Eben Haëzerskoalle yn Drachten is oanspraaklik foar it ûngemak op 17 maart 2003 werby 't it jonkje swier ferwûne rekke oan 'e skonke. Dat seit de rjochter yn de rjochtsaak oer skeafergoeding.

Nei it skoalswimmen draafde it jonkje mei de oare bern fan syn klasse nei de bus dy 't se werom bringe soe. Hy kaam ûnder de bus telânne dy 't foar riidt. De saak wie oanspand troch de fersekerder fan it busbedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)