Fryslân rint miljoenen mis

04 des 2006 - 21:55

De Fryske ekonomy rint hûnderten miljoenen euro's mis troch earmoede. Dat seit deputearre Ploeg as reaksje op sifers fan it CPB. Ut dy sifers die bliken dat Fryslân it leechste gemiddelde ynkommen hat fan alle provinsjes. It gemiddelde ynkommen yn Fryslân leit sels goed 10 prosint ûnder de lanlike trochsneed.

Ploeg fynt dat de provinsjale polityk nei de kommende steateferkiezings oan de slach moat mei dit probleem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)