HWL ek aktyf yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
It maatskiplik wurk yn de gemeente Frjentsjerteradiel wurdt fan 1 jannewaris ôf fersoarge troch Hulp en Welzijn út Ljouwert. Tiisdei sil it kontrakt tekene wurde. HWL krijt op jierbasis 182.000 euro om it wurk te fersoargjen. De organisaasje ferwachtet sa'n 145 minsken yn it jier te helpen.
Earder die Maatschappelijk Werk Fryslân it wurk. De ried keas foar HWL omdat dy goedkeaper wurket.