VDL/Berkhof: Connexxion-oarder

Ferfiersbedriuw Connexxion hat 113 nije bussen besteld by bussebouwer VDL/Berkhof op It Hearrenfean. It giet om in oarder fan 13 miljoen euro. De bussen binne spesjaal foar it ferfier yn Fryslân. Se binne lytser as de gewoane streekbus en sille benammen ynset wurde op rûtes tusken ferskate doarpen.
Fan 10 desimber ôf nimt Connexxion it iepenbier ferfier yn 'e Súdwesthoeke en Noard-Fryslân oer fan Arriva.