Folle minder ynwenners Skier
Op Skiermûntseach is yn de earste njoggen moanne fan dit jier it tal ynwenners bot ôfnaam. De gemeente Skiermûntseach is mei in befolkingsôfname fan 4 persint lanlik sjoen koprinner.
Ek it tal ynwenners fan Harns en Frjentsjerteradiel is ôfnaam. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk dy't moandei bekendmakke binne.