Hegere lêsten troch Sintrale As

04 des 2006 - 10:06

De Sintrale As makket de lêsten foar ynwenners fan Tytsjerksteradiel heger, fynt de FNP. De gemeente krijt gjin ôfkeapsom fan de provinsje foar de oerdracht fan de besteande dyk. Boppedat soe der gjin goede finansjele regeling wêze foar it ûnderhâld. Dat krijt de gemeente oer fan de provinsje.

De FNP hat skriftlike fragen oan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel steld oer de kwestje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)