Kroes-en-dy berikke eindoel

De fytsgroep ûnder lieding fan Henk Kroes is moandei oankaam yn Accra, de haadstêd fan it Afrikaanske Gana. De fytsers setten ein augustus út ein yn Boalsert. De groep bestiet noch út fjirtjin fytsers, wêrûnder in grut tal Friezen. Se hawwe in ôfstân fan tsientûzen kilometer ôflein.
De aksje is bedoeld om jild yn te sammelen foar ûnderwiisprojekten yn West-Afrika. De fytsers komme sneon werom yn Nederlân.