Untromming nei brânstichting

© Omrop Fryslân
Bewenners fan in appartemintekompleks oan de Kloasterhôf yn Ljouwert binne moandeitemoarn betiid troch de brânwacht út harren wente helle. Tichtby de tagongsdoar wie in matras en in flierkleed yn 'e brân stutsen. De brânwacht hat de brân útmakke.
De bewenners binne mei megafoan en sirene wekker makke. Doe't de reek út de portiken wie, koene se werom nei hûs. De oarsaak wurdt ûndersocht.