SCO wint fan Tilburch
De kuorballers fan SCO hawwe yn 'e haadklasse A mei 17-9 wûn fan Tilburch. De ploech út Aldeholtpea begûn min en kaam sels mei 5-2 efter. Nei de rêst gong it in stik better mei de ploech en waard de efterstân omset yn in oerwinning.
Mid-Fryslân spile yn Wageningen mei 17-17 gelyk tsjin VADA 1925.