Earste oerwinning foar De Jouwer

Sportklub De Jouwer hat de earste oerwinning fan dit seizoen behelle yn 'e haadklasse C. Tsjin direkte konkurrint Lienden waard mei 1-2 wûn. Lienden kaam mei 1-0 foar troch in penalty fan Cor Prein. Yn 'e twadde helte makke Oebele Schokker de lykmakker en oan de ein fan de wedstryd makke Ronald Boonstra de winnende treffer.
De Jouwer stiet noch hieltyd 13e. Snits-Rohda Raalte waard ôflast.