Auto's fernield yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 17-jierrige Ljouwerter is sneontenacht oanholden op Achter de Hoven yn syn wenplak. De plysje hie in melding krigen dat twa jonges op scooters in tal parkearde auto's op de Marie Louisastrjitte fernield hiene.
Op Achter de Hoven krige de plysje de twa scooters yn 't sicht. Ien fan de twa is klemriden. De 17-jierrige bestjoerder is oerbrocht nei it plysjeburo. Der binne seker sân auto's fernield.