Fytsster ferwûne yn Drachten

03 des 2006 - 15:07

In 55-jierige ynwenster fan Drachten is sneontemiddei ferwûne rekke nei in oanriding mei in auto. De frou woe mei de fyts de Torenstrjitte oerstekke yn 'e rjochting fan de Noarderbuert, doe't se op de 24-jierige bestjoerder út Boarnburgum botste.

De man ried op de Torenstrjitte. De frou is mei in ferwûning oan de holle nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)