Manlju oanholden foar drugsbesit

03 des 2006 - 15:04
Foto: Omrop Fryslân

Oan de Gedempte Molenwijk op It Hearrenfean binne freedtejûn trije manlju oanhâlden op fertinking fan drugsbesit. De mannen hiene in pûde droege himp yn de auto.

De plysje hold de mannen, in 37-jierrige Jouster, in 25-jierrige man fan It Hearrenfean en in 23-jierrige Warkumer, oan neidat se in weedlucht rûkten yn de auto. De manlju binne alle trije oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)