V.d. Meulen swimt Frysk rekord

03 des 2006 - 12:23

Swimmer Arjen van der Meulen fan de Drachtster swimklub DZ&PC hat yn Eindhoven it Frysk rekord op de 1500 meter frije slach ferbettere. De Drachtster swom de ôfstân yn 15.39,91. Dat is hast 15 sekonden flugger as it âlde rekord dat ek op syn namme stiet.

Arjen einige yn de City Dynamiek Cup yn Eindhoven as twadde achter regearjend Olympysk en Wrâldkampioen David Davies.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)