De Wâldsang wint NK brassbands

Brassband De Wâldsang fan Bûtenpost is sneon yn Grins Nederlânsk kampioen brassbands wurden. Under lieding fan dirigint Rieks van der Velde helle De Wâldsang 95 punten: ien mear as de nûmer twa, De Bazuin út Oentsjerk.
De winner fan ferline jier, Soli Brass út Ljouwert, waard tredde by de Nederlânske brassbandkampioenskippen. De winners wiene sneintemiddei te hearren yn it programma Muzyk Maskelyn op Omrop Fryslân radio.