Douwe de Vries twadde yn Assen

02 des 2006 - 19:29

De maraton op it iis fan Assen levere sneon in oerwinning op foar Jan Maarten Heideman. Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard twadde. Yn it algemien klassemint om de Essent Cup stiet er fjirde. De Vries stiet der sels fersteld fan dat er sa goed mei docht dit seizoen.

By de froulju gie de oerwinning nei Elma de Vries fan De Haule. Yn it algemien klassemint bliuwt se twadde achter Daniëlle Bekkering.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)