Man falt yn wetter jachthaven

© Omrop Fryslân
De brânwacht is sneon oan it begjin fan de middei manmachtich útrukt foar in drinkeling yn de jachthaven fan Ljouwert. Uteinlik wiene it omstanners dy't de man der wer úthelle hawwe. De brânwacht koe sûnder yn aksje te kommen werom nei de kazerne.
De drinkeling is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. Syn ferwûnings lykje ta te fallen. Hoe't de man yn it wetter bedarre is, is net bekend.