'Oandielen Kabel Noord keapje'

© Omrop Fryslân
De provinsje moat oandielen keapje fan kabelbedriuw Kabel Noord yn Dokkum. Dat fynt boargemaster Cazemier. Syn gemeenten Dongeradiel is mei fjouwer oaren eigner fan it kabelbedriuw.
Kabel Noord krijt mear mooglikheden, wylst de provinsje in netwurk mei digitale ynfrastruktuer yn Noardeast- Fryslân krijt, fynt Cazemier. De oankeap fan Kabel Noord-oandielen is reeël, omdat de provinsje him ek yn wetterbedriuw Vitens ynkeapet.