Microsoft nimt Frysk idee oer

© Omrop Fryslân
De ideeën fan ferkearssaakkundige Hans Monderman fan de gemeente Smellingerlân wurde oernaam troch kompjûtergigant Microsoft.
Monderman is benammen bekend fan it plein by De Lawei yn Drachten. Dêr helle er de stopljochten en buorden fuort, sadat ferkearsdielnimmers mear sels ferantwurdlik binne foar har gedrach. Datselde prinsipe wol Microsoft ek yn 'e programma's tapasse.