Sertifikaat foar Snitser Sintrum
It Sintrum foar de Keunsten Snits en Wymbrits krijt as earste yn Fryslân it Keurmerk Kunsteducatie en Amateurkunst. Fan de 250 ynstellings yn Nederlân binne oant no ta sân ûndersocht en slagge foar it eksamen.
Oer fjouwer jier wurdt opnij besjoen oft Snits it karmerk hâlde mei. Der komme jierliks in lyts 15.000 minsken yn it sintrum.