Kabel Noord: triedleas ynternet

© Omrop Fryslân
Toeristen kinne fan takom jier ôf triedleas ynternette op elk plak yn it sintrum fan Dokkum. Yn de jachthavens fan de waadeilannen en op guon oare plakken sil dat ek mooglik wêze. Dat melde de direkteur fan Kabel Noord by de presintaasje fan in boekje mei de mooglikheden mei de digitale snelweg.
It bedriuw yntrodusearre yn 2005 al de digitale tillevyzje en in eigen ynternettsjinst, dit jier kaam it bedriuw mei beljen fia de kabel.