Sinteklaashotel op It H'fean

Sinteklaas rêst op it stuit út yn it Sinteklaashotel op It Hearrenfean. De sint hat it de ôfrûne dagen sa drok hân mei it lêzen fan ferlanglistjes en it keapjen fan kadootsjes, dat er no eventsjes skoft hâldt.
Ek al rêst de goedhillichman út, de bern meie wol altyd delkomme. Minsken dy't benaud binne dat de sint him sneon fersliepe sil, kinne om 10.00 oere delkomme by it Sinteklaashotel om him wekker te meitsjen.