Lúkse plysjesellen yn Drachten

01 des 2006 - 14:51

De nije plysjesellen fan Drachten hearre by de meast lúkse fan Europa. De arrestanten kinne kompjûterspultsjes dwaan, televyzje sjen en yn in ferwaarmd bêd sliepe. De nije sellen ha hast twa ton koste.

Freed gongen de seldoarren even iepen foar de parse. De fideofoarsjenning ferfangt de âlde tydskriften en spultsjes. Op it plafond wurdt it Noarden oanwiisd sadat in moslim yn de júste rjochting, nei Mekka, bidde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)