Undersyk nei nij Waadkantoar

01 des 2006 - 14:37

Der komt in ûndersyk nei it plak dêr't it nije kantoar foar amtners fan 'e 5 Waadeilannen komme moat. Dat hat în ôffeardiging fan 'e eilannen, de Eilanner Ried, freed bepaald op Skiermûntseach. It giet om in soarte fan fúzje op it mêd fan finânsjes, personiel en organisaasje en ICT.

It ûndersyk mei maksimaal trije moanne duorje. Alle eilannen binne yn de race foar de nije húsfesting. It kantoar kin ek noch op de fêste wâl komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)