Friesland Foods slút 3 fabriken

Suvelkonsern Friesland Foods slút yn Hongarije en Slowakije trije fabriken. Dat wurdt dien fanwege in reorganisaasje. It bedriuw wol de aktiviteiten yn Midden-Europa oerbringe nei in nije fabryk dy't boud wurdt yn it Hongaarske Debrecen.
De bou fan dit nije fabryk kostet tsien miljoen euro. Troch de reorganisaasje ferlieze in pear hûndert minsken harren baan.