Utspraak befeiliger yn twa wike

De presidint fan de Hells Angels yn Amsterdam, Daniël Uneputty, heart binnen 2 wike oft er syn befeiligings- pas krijt. De korpssjef fan de plysje Fryslân fynt dat der twifel is oer de betrouberens fan de man.
Uneputty is nei de rjochter stapt. De presidint wurket al jierren as befeiliger yn Amsterdam. No't in Frysk bedriuw it wurk dêr oernaam hat, moat de plysje hjir tastimming jaan foar in befeiligingspas.