Bern te let troch nije bustiden

© Omrop Fryslân
Learlingen yn Súdeast-Fryslân komme te let op skoalle troch de nije tsjinstregeling fan ferfierder Arriva. Mei de nije regeling, dy't op 10 desimber yn giet, komme hûnderten bern dy't yn de bûtengebieten wenje en fan de bus ôfhinklik binne, te let oan op skoalle.
It grutste part fan de learlingen op it Stellingwerf Kolleezje yn Easterwâlde wennet bûten Easterwâlde sels.