Gearwurking twa drukkers

© Omrop Fryslân
Hanzedruk Boalsert en drukkerij Tjerk de Haan út Snits sille nau gearwurkje. Dêrfoar ha se tongersdei in oerienkomst ûndertekene. De merk freget om hieltyd mear spesjalisme.
It is dan ek de bedoeling dat de beide bedriuwen inoars kennis brûke sille. Drukkerij Tjerk de Haan is foaral spesjalisearre yn hannels- en famyljeprintwurk. Hanzedruk Boalsert hâldt him mear dwaande mei it printsjen fan magazines en folders.